Wettersportkampanje oanpast

© Omrop Fryslân
De provinsje hat de foarjochtings-kampanje oer feiligens op it wetter yn Fryslân dit jier oanpast. Soks hat te krijen mei de oanfarring fan in grut frachtskip mei in fakânsjehúske by Grou. Dat wie op 27 july, op it PM-kanaal.
Yn de jierlyks folder fan de provinsje steane drokke en gefaarlike krusingen fan it PM-kanaal. De Houkesleat by Snits stie dêr bygelyks altyd al by. De Pikmar by Grou is nij.