Fiif kear trapearre mei drank

10 feb 2008 - 17:28

In 25-jierrige automobilist fan Harns is it wykein syn rydbewiis kwytrekke. Hy waard foar de fyfde kear yn fiif jier trapearre mei te folle drank op.

De Harnzer waard sneintemoarn by in kontrôle op de Hugo de Grootstrjitte trapearre by in alkoholkontrôle. Dêr die op'e nij bliken dat hy fiersten te folle dronken hie. De Harnzer krige in rydferbod en tsjin him is proses ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)