Ferplichte wurkje op Waadeilân

28 mrt 2012 - 12:26
  • Strântinte by It Amelân

Sân wurkleaze jongeren begjinne hjoed mei in oplieding foar in baan yn 'e hoareka op ien fan de Waadeilannen. It projekt 'Herrie in de keuken' is in ynisjatyf fan It UWV, it Friesland College en Waddenjobs.nl.

It giet om jongeren tusken de 18 en 27 jier dy't gjin wurk hawwe of gjin oplieding folgje. De oplieding moat foar de Pinksterdagen klear wêze. It is net frijbliuwend. As se in oanbeane baan wegerje, hat dat gefolgen foar de útkearing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)