Aris ferliest fan Den Bosch

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris Friesland koene sneon krekt net winne fan EiffelTowers Den Bosch. De Friezen ferlearen mei ien punt ferskil, it waard 85-86.
By rêst wie it 42-46. Oan it begjin fan de twadde helte waard it ferskil tusken beide ploegen grutter. Aris kaam op 13 punten achterstân, mar makke dat letter wer goed. Oan de ein waard it noch spannend, mar de Ljouwerters rêden is dus krekt net op.