H'fean oertsjûget yn Eindhoven

10 feb 2008 - 00:59

SC Hearrenfean helle sneontejûn yn de topper yn Eindhoven tsjin PSV in 1-1 lykspul. De thúsploech kaam nei 43 sekonden troch Bakkal op foarsprong. De ploech fan trainer Gertjan Verbeek rekke net yn 'e war, mar hyltyd stie in poerbêste PSV-keeper Gomes yn it paad.

Yn de 52ste minút kaam de fertsjinne lykmakker fan Michael Bradley. Nei ôfrin hiene de Feansters it gefoel dat der mear ynsitten hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)