ONS wint fan Flevo Boys

09 feb 2008 - 16:29

Sneonshaadklasser ONS Snits wûn op it eigen fjild mei 2-1 fan Flevo Boys. De Snitsers kamen yn de earste helte op in 1-0 efterstân, mar yn de 39ste minút makke Chalong de Bruin de lykmakker. Trije minuten nei it skoft makke deselde Chalong de Bruin de winnende treffer en pakte ONS trije belangrike punten.

Ek yn dizze wedstriid krigen de Snitsers in protte kânsen, mar se koene dy net goed fersulverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)