Van Deutekom liedt klassemint

Paulien van Deutekom (foto Martin de Jong)
Paulien van Deutekom hat ferrassend de trije kilometer wûn op de WK allround yn Berlyn. De Goudse hie in tiid fan 4.03.33. Se liedt nei twa ôfstannen it klassemint. De Kanadeeske Christine Nesbitt stiet twad en wrâldkampioen Ireen Wüst stiet tredde yn it klassemint.
Marrit Leenstra fan Wikel waard op de 3000 meter tolfde yn 4.14.85. Se stiet nei twa ôfstannen tsiende yn it algemien klassemint.