Noch mear oalje-slachtoffers

De Fûgelpits yn Moddergat hat de ôfrûne dagen sa'n 200 fûgels binnen krigen dy't ûnder de oalje sitte. Se binne it slachtoffer fan in oaljeramp by de Dútske Waadeilannen Amrum en Fohr.
It is de slimste fersmoaring yn it gebiet fan de lêste tsien jier. Der binne tsientûzen fûgels oanspield. Dútske fûgelopfangsintra kinne net alle bisten opfange. Undúdlik is wa't de fersmoarging feroarsake hat.