Bobbers 13e yn einklassemint

09 feb 2008 - 14:45

Bobslydsker Sybren Jansma fan De Pein koe mei syn maat Edwin van Calker net foar in nije stunt soarge. Foarich wykein hiene sy de fjirde tiid by wrâldbekerwedstriden yn Koningssee. Sneon einigen de bobbers op in 13e plak. De winst yn Winterberg gong nei Aleksandr Soebkow en Aleksej Vojevoda yn in totaaltiid fan 1.52.84.

Jansma en Van Calker hiene in totaaltiid fan 1.53.83. Se einigen as trettjinde yn it einklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)