Caravan Skylge útbaarnd

09 feb 2008 - 14:28

In caravan op Skylge is freedtemiddei hielendal útbaarnd troch brânstichting. By de brân is asbest frijkaam. De caravan stie op in earder folkstúntsje oan de Dellewal op West. Ek in skuorke dat derneist stie, gie yn flammen op. It dak fan it skuorke wie fan asbest.

De gemeente siket út hoe slim oft de asbestfersmoarging is. De brân is nei alle gedachten feroarsake troch boartsjende bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)