Warkumer mei harddrugs oppakt

© Omrop Fryslân
In Warkumer is sneon yn Snits oanhâlden foar it besit fan harddrugs. By in ferkearskontrole krige de plysje it fermoeden dat de man drugs by him hie. Yn syn auto waard in fleske GHB fûn en yn syn bûsen fûn de plysje in pûdsje speed.
De man is meinaam nei it buro foar in bloedûndersyk dat útwize moat oft de de 27-jierrige man ûnder ynfloed fan ferdôvjende middels achter it stjoer siet.