Goed belied keten Dongeradiel

âlde caravans wurde sloopt yn Dongeradiel
It jeugdketebelied fan Dongeradiel is in foarbyld foar de hiele provinsje. Dat seit deputearre Tineke Schokker. Se gie freed op besite by in pear fan de keten.
It belied fan Dongeradiel hâldt yn dat âlde karavans opromme wurde en dat der in legaal gebou foar weromkomt. Dat moat beheard wurde troch de jongeren en moat foldwaan oan de regels foar feiligens. De ried fan Dongeradiel stelt der fiif ton foar beskikber.