Slachtebrêge 30 april klear
De nije Slachtebrêge by Hjerbeam wurdt oer sa'n twa moanne pleatst.
Noch foar 30 april, sadat de keninklike famylje der by harren besite moai ûndertroch ride kin. Dermei is de rûte fan 'e Slachtedyk kompleet. De brêge stiet no by in metaalbedriuw yn Winsum en wurdt dêr laske. De tredde Slachtemaraton is op 14 juny.