Amtner terjochte ûntslein

© Omrop Fryslân
De provinsje-amtner dy't ynformaasje lekt hat nei de krante, is terjochte ûntslein. Dat is de útspraak dy't de rjochter hjoed dien hat.
De amtner Margaret Beckers hat dien krige omdat se yn in e-mail fertroulike ynformaasje nei de Ljouwerter Krante lekt hie. Neffens de rjochter hat de belutsen amtner lang genoch by de provinsje wurke, om te witten dat bepaalde ynformaasje net by de parse bekend wurde mocht.