Bussen ride op biodisel
Fan moandei ôf sille 27 bussen fan Connexxion op miljeufreonlike biodisel troch Fryslân ride.
Op de busstalling yn Ljouwert stiet in biodiseltank mei in ynhâld fan 20.000 liter biodisel. Moandei wurdt de earste bus foltankt mei dizze brânstof. Deputearre Adema sil dy earste tankbeurt foar syn rekken nimme.