Nije ambulânsepost Skier

© Omrop Fryslân
De gemeente Skiermûntseach bouwt mei UMCG ambulânsesoarch in ambulânsepost en in brânwachtkazerne op it eilân. De bou kostet 1,5 miljoen euro. It âlde gebou fan de brânwacht en de ambûlânse foldie net mear oan de easken.
Natuermonuminten hat in part fan syn terrein beskikber steld om de bou mooglik te meitsjen. Yn ruil dêrfoar stelt de gemeente it âlde ûnderkommen fan de brânwacht en de ambulânse beskikber foar in nij besikerssintrum.