35 miljoen kilo ôffal sammele

© Omrop Fryslân
Yn de gemeente Smellingerlân is yn 2007 35 miljoen kilo smoargens ynsammele. Dat komt del op 634 kilo ôffal de ynwenner. Sa'n 63 prosint fan al it smoargens kin ferwurke wurde foar hergebrûk. Dat is in heal persint mear as yn 2006.
De gemeente freget de ynwenners om it ôffal better te skieden. Sa sit der noch in soad âld-papier en glês tusken it húshâldlik ôffal. Troch it ôffal te skieden is de ferwurking effisjenter.