Matusiak nei Wisla Krakow

© Omrop Fryslân
Radoslaw Matusiak is troch SC Hearrenfean net ferhierd oan syn âlde klub GKS Belchatov, mar oan Wisla Krakow. De oanfaller wurdt foar in heal jier ferhierd oan de Poalske topklub. Lang like it derop dat Matusiak nei syn eardere klub Belchatov gean soe, mar se koene it oer it salaris net iens wurde. Troch de konkurrinsje fan Gerald Sibon, Miralem Sulejmani en Paulo Henrique koe Matusiak by Hearrenfean net op in soad spylminuten rekkenje.