Nije fakânsjewenten by Aldwâld

Op fakânsjepark Parc de L'eau by Aldwâld meie 58 nije fakânsjewenten boud wurde. It plan kostet mear as 10 miljoen euro. De bou moat takom moanne begjinne. Op it park stean al jierren fakânsjehúskes, mar it is net folboud.
Eigners fan besteande huskes binne poer op de plannen tsjin. Se wolle besykje de útwreiding op te kearen. Wolstânskommisje Hûs en Hiem is lykwols al akkoart mei it plan.