Anne Frank yn Dielshûs Wommels
Stifting Stadsteater Ljouwert giet de planken op mei it tonielstik 'Anne Frank'. Foar it earst wurdt it stik troch in noardlik teaterselskip opfierd. Neffens regisseur Rense Rotsma hat dat te krijen mei it drege tema.
Foar de regisseur is it opfieren fan it stik in dream dy't útkomt. 'Anne Frank' is fan ôf 18 april oant 4 maaie te sjen yn it Dielshûs yn Wommels.