Proef mei nije oarljeskermen

07 feb 2008 - 12:21

Rykswettersteat docht op 'e Waadsee by Harns in proef mei nije oaljeskermen. Se hawwe in soart faai-earm dy't de oalje by-inoar swilet. Dêrmei is de fersmoaring gau fuort. De skermen binne ek by in rûge see en hurde wyn yn ûndjip wetter te brûken.

Rykswettersteat keapet trettjin fan dy nije skermen. Dat betsjut in totale ynvestearring fan goed ien miljoen euro. De oefening mei de nije skermen wurdt dien mei sinesappels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)