Bak Nielsen lang útskeakele

07 feb 2008 - 11:42

SC Hearrenfean-ferdigener Kristian Bak Nielsen komt dit seizoen net mear yn aksje troch in ankelblessuere. Syn ankel is dochs brutsen, sa docht no bliken. Op in eardere foto wie dat net te sjen. De Deenske ferdigener rekke begjin desimber blessearre yn 'e wedstriid tsjin NAC Breda. Hy wurdt meikoarten yn it AMC yn Amsterdam operearre. It herstel nimt safolle tiid yn beslach dat er dit seizoen net mear spylje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)