Sean en bakt hout yn damwanden

07 feb 2008 - 11:15

De wâlbeskoeiing by de strannen yn it Lauwersmargebiet wurdt foarsjoen fan in nij soart bewurke hout. Dêrby wurdt gjin tropysk hurdhout mear brûkt, mar gewoan hout. Dat hout is earst sean en dêrnei bakt. Dêrtroch giet it like lang mei as tropysk hurdhout. Minder tropysk hurdhout delhelje is better foar it ekosysteem.

It Lauwersmargebiet wurdt op dit stuit grutter en moaier makke, om yn 'e takomst mear toeristen te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)