Flyers prate wer mei Vadeko

"Flyers prate wer mei Vadeko"
IIshockeyclub Flyers fan It Hearrenfean is dochs wer yn petear mei sponsor Vadeko oer in oplossing foar de problemen tusken beide partijen. De Flyers seinen it kontrakt mei Vadeko tiisdei iensidich op, om't it bedriuw út Winsum de finansjele ferplichtings net neikomt. De club koe dêrtroch de salarissen net meer betelje.
Oer de ynhâld fan 'e petearen wol Flyersfoarsitter Danny Micola foarearst neat sizze.