Aksjes yn de lytsmetaal

07 feb 2008 - 07:17
  • Fan 22 febrewaris ôf wurdt der mooglik aksjefierd by û.o. garaazjebedriuwen

Der komme aksjes yn de sektor lytsmetaal.De ûnderhannelings oer de cao binne fêstrûn. De aksjes begjinne op 22 febrewaris. De fakbûnen fine dat de wurknimmers trije jier lang neat ekstra's krigen hawwe en dat de wurkjouwers no mei in bod komme moatte.

Der kin aksjes ferwachte wurde by garaazje- en ynstallaasjebedriuwen, lytsere jachtwerven en tankstasjons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)