Muskito's mooglik skealik

06 feb 2008 - 20:19

As de gemeente Smellingerlân muskito's oanskaft, dan moatte dy foarearst net oanset wurde. Dat fynt de SP yn Smellingerlân. Muskito's binne apparaatsjes dy't in hege piiptoan jouwe om omhingjende jeugd fuort te krijen.

De partij fynt dat de apparaten foarearst útset wurde moatte. De gefolgen dêrfan moatte earst ûndersocht wurde. Minister Rouvoet hat dat koartlyn ek sein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)