Ferwûnen by oanriding Ljouwert

de twa skansearre auto's
By in oanriding op de Oosterkade yn Ljouwert binne woansdei twa minsken ferwûne rekke. De brânwacht hat ien fan de slachtoffers út de auto seagje moatten. It ûngelok gebeurde by de Vlietsterbrêge. It is net bekend hoe't it presys gebeurd is.
Twa auto's binne fernield en der wie in fytser by belutsen. Fanwege it ûngelok hat der in skoft gjin ferkear ride kinnen oer de Vlietsterbrêge. Dat soarge foar opstoppingen.