Auto útbaarnd op pier Skier

06 feb 2008 - 20:02

Op de pier fan Skiermûntseach is woansdeitemiddei in auto útbaarnd. It giet om in buske fan in ynwenner fan it eilân. De brân ûntstie troch koartsluting yn de motor.

De bestjoerder hat mei de plysje besocht de brân te blussen, mar dat slagge net. Doe is de brânwacht ynset. Dy hie tweintich minuten nedich om it fjoer út te krijen. De auto is folslein ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)