Selstraf foar mishanneling

06 feb 2008 - 17:21

Twa ynwenners fan Almelo hawwe 20 moanne selstraf krigen, wêrfan 5 ûnder betingst foar de swiere mishanneling fan in man út Boarnsterhim(24) nei de fuotbalwedstryd Hearrenfean-Heracles.

Ek moatte de manlju fan 18 en 19 jier, 2500 euro skeafergoeding betelje oan it slachtoffer. De twa Almeloërs stiene mei noch twa Heracles-fans terjochte. Tsjin harren wie in straf fan twa jier easke fanwege in besykjen ta deaslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)