Wurk Slachtebrêge begûn

Foto: argyf
It wurk oan 'e nije Slachtebrêge oer de A31 tusken Frjentsjer en Harns is út ein set en it sil grif klear wêze foar de Slachtemaraton fan 14 juny. It plan is dat de Keninginne der al de kommende Keninginnedei ûndertroch ride kin.
Der wurdt no earst begûn mei it oanbrengen fan 'e rydplaten en it meitsjen fan de fundearring. Wannear't de brêge der echt yn hongen wurdt, sil de dyk in pear dagen ôfsletten wurde.