Provinsje rêdt Fûgelhelling

06 feb 2008 - 15:24

De Fûgelhelling yn Oerterp is rêden troch de provinsje. It opfangplak foar fûgels wie hast syn offisjele status kwyt omt der gjin jild mear wie om de twa meiwurkers te beteljen.

Dy hienen in subsidiearre baan, mar de subsydzjeregeling is ôfskaft. De provinsje hat no tasein om de leankosten fan dit jier te beteljen, sa'n 30.000 euro. Foar takom jier wurdt in oplossing socht mei de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)