'Better tariede op epideemjes'

© Omrop Fryslân
De Helpferlieningstsjinst Fryslân sil him de kommende jierren ekstra tariede op grutskealige útbraken fan ynfeksjesyktes. Dat hat it algemien bestjoer fan de nije organisaasje mei dêryn de GGD en Brânwacht Fryslân woansdei besletten.
De folkssûnens wurdt kwetsberder foar ynfeksjesyktes troch nije firussen en it tanimmende ynternasjonale ferkear. De besteande draaiboeken moatte dêrom oanpast wurde.