15 Alvestêdewinners yn brûns

De gemeente Ferwerderadiel hat in plan makke om lâns de Alvestêderûte brûnzen bylden fan de 15 winners fan de Alvestêdetocht te pleatsen. Doel is om de reedriders yn it brûns te ferivigjen yn de klean dy't se op de dei fan 'e tocht oanhiene.
De bylden wurde op in sokkel yn it wetter set. Ferwerderadiel tinkt dat it mei de alvestêdebylden oantrekliker wurdt foar boatsjefarders om troch de Dokkumer Ie te farren.