'Fryslân goed taret op rampen'

Fryske helptsjinsten binne 'ridlik goed' taret op in mooglike ramp
Fryslân is better taret op in ramp as in grut part fan de rest fan it lân. Dat docht bliken út in rapport fan de Ynspeksjetsjinst Openbare Orde en Veiligheid fan it Ministearje fan Ynlânske Saken.
Us provinsje skoort krekt noch gjin 7+ op de rampebestriding, it sifer dat minister Guusje Ter Horst ein 2009 ferplicht stelt oan alle regio's fan ús lân. Mar de kommunikaasje tusken de helptsjinsten kin noch better.