Optreden Tim yn Mediakafee

06 feb 2008 - 12:03

Tim Douwsma fan So you wanne be a popstar jout op snein 10 febrewaris in optreden yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân. Der wurde dan opnames makke foar it tv-programma Linkk. It publyk is wolkom by de opnames yn it omropgebou oan 'e Suderkrúswei yn Ljouwert. It konsert begjint om 19.00 oere.

De Wynjewâlder Tim Douwsma makke earder furoare yn it programma foar poptalenten, mar helle de finale net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)