Fryske grinsrjochter nei EK

28 mrt 2012 - 11:14

Grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp mei fan 't simmer nei it EK-fuotbaljen. It Europeesk fuotbalbûn hat him dêrfoar oanwiisd tegearre mei grinsrjochter Sander van Roekel. Se foarmje in arbitraal trio mei skiedsrjochter Björn Kuipers.

Zeinstra flagget de lêste tiid geregeld grutte wedstriden yn kombinaasje mei Kuipers. Ferline jier fluiten en flagen se de finale fan it jeugd-WK yn Meksiko. Nije wike liede se ien fan de kwartfinales fan de Champions League. Zeinstra moat de kommende tiid wol foarmbehâld sjen litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)