Ried blokkeart leeftydsgrins

06 feb 2008 - 09:52

De leeftiidsgrins om alkohol drinke te meien yn Smellingerlân giet net nei 18 jier. Boargemaster en wethâlders hiene dy bepaling opnaam yn har aksjeplan om alkoholmisbrûk ûnder jongeren tsjin te gean. Mar in mearderheid yn de ried is tsjin it ferheegjen fan de leeftiid.

Wol is mei de horeka ôfpraat dat strang kontrolearre wurde sil yn it útgeanslibben. Jongeren sûnder indentiteitsbewiis komme de kroech en diskoteek net mear yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)