Miljoenetekoart plan-Venekoten

05 feb 2008 - 22:53

In tekoart fan 18 miljoen stiet de ûntwikkeling fan yndustryterrein Venekoten-Noard yn Easterwâlde yn 'e wei. Dat jild is nedich om 25 bedriuwen in oar plak te jaan.

Op it terrein moat in wenwyk mei 250 huzen komme. It totale projekt kostet noch tsientallen miljoenen mear, mar de gemeente tinkt dy werom te fertsjinjen troch de ferkeap fan boukavels. De gemeente lit in ûndersyk nei de finansjele helberens dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)