Handikapteferfier op ierdgas

05 feb 2008 - 20:24

As earste gemeente fan Nederlân lit Ljouwert handikaptetaksy's op ierdgas ride. It taksybedriuw dat it ferfier fersoarget begjint yn april mei 15 auto's op ierdgas.

Yn augustus komme der ek noch ris acht rolstoelbussen by. Der binne no noch wol beheinings trochdat der lang net oeral stasjons binne dêr 't je ierdgas tanke kinne. De taksy's kinne maksimaal 350 kilometer op ien tank ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)