Fertochte noch fêst yn Dútslân

© Omrop Fryslân
De 43-jierrige man út De Harkema dy't fertocht wurdt fan de sjitpartijen yn De Harkema en Koatstertille ôfrûne wykein, sit noch fêst yn Dútslân. Justysje wol him sa gau mooglik nei Nederlân oerbringe, mar troch de formaliteiten giet dat net sa hurd.
De man koe in pear oeren nei de sjitterij oanhâlden wurde yn it Dútse Bunde. Dêr sit er noch hieltyd fêst. Hy wurdt pas ûnderfrege as er yn Nederlân is.