Kontrôle rallyfiskjen goed

05 feb 2008 - 12:30

De fiskers dy't kollega's kontrolearje op rallyfiskjen binne tefreden oer it resultaat fan dy aksjes. By it rallyfiskjen besykje fiskers om safolle mooglik fisk te fangen.

De fisken bewarje se yn droege, plestik pûden. Dêr wiene in soad klachten oer, ek fan sportfiskers. De plysje kontrolearre dêrom it lêste jier faker oft soks noch bart. Ferskate ferienings yn de súdwesthoeke dogge geregeld oan plysje-aksjes mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)