Twadde printinge 'Echt moai'

De Fryske ferzje fan it boek Echt Moai fan Wieke de Haan en Elske Riemersma is al ta oan de twadde druk. De earste druk wie yn trije wike útferkocht.
Wieke de Haan hat foar dit boek santjin froulju fan ferskate leeftiden en mei ferskate achtergrûnen ynterviewd oer moaiens en de krêft fan it inerlik. Ien fan de froulju is fotomodel Doutzen Kroes. Dêrneist binne de froulju troch Elske Riemersma sûnder keunstgrepen fotografearre.