Utwreiding bedriuw Easterwâlde

05 feb 2008 - 10:42

JB Besturingstechniek út Easterwâlde wol fjouwer miljoen euro ynvesteare yn nijbou. It bedriuw ûntwikkelet geheugens foar robotsystemen. Neffens direkteur Jan Bos groeit it bedriuw flink en driget der romtetekoart.

Doel is dat de nijbou by de ynfalswei fan Easterwâlde komt. Op dit stuit hat dit gebiet noch in hoarekabestimming. De gemeente is lykwols ree om mei te wurkjen omdat op dit terrein gjin hoareka mear ferwachte wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)