FNP wol minder lêst fan regels

05 feb 2008 - 10:31

De FNP steatefraksje stjoert derop oan dat boarger en bedriuw yn Fryslân minder lêst fan regels ûnderfine. De FNP hat dêr skriftlike fragen oer steld oan it kolleezje fan DS.

Fergunningen kinne aanst - wat it kabinet oanbelanget - automatysk ferliend wurde as de oerheid net op 'e tiid in beslút nimt. De FNP wol dit prinsipe ek by de Provinsje ynfiere. De FNP wol fan DS witte hokker mooglikheden der yn Fryslân binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)