OSF heft Biermanstichting op

05 feb 2008 - 10:23

De OSF (ûnôfhinklike senaatsfraksje) hat it bestjoer fan syn wittenskiplik buro de Marten Biermanstifting nei hûs stjoerd. It wittenskiplik buro docht ûndersyk foar de OSF. Neffens OSF- bestjoerslid Jaap van der Bij wiene der net maklik oplosbere problemen.

Der is betizing oer wa't ferantwurdlik is foar de ûndersiken. De OSF hat yntusken in nij wittenskiplik buro oprjochte. De FNP is ien fan de partijen dy't oansletten is by de OSF.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)