Wûnseradiel foar weryndieling

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan de gemeente Wûnseradiel wenje oer trije jier yn ien grutte Súdwesthoeke-gemeente.
In mearderheid fan de gemeenteried is foar weryndieling mei de seis Súdwesthoeke-gemeentes, werûnder Boalsert en Snits. Dat die moandeitejûn bliken by in spesjale weryndielingsfergadering fan de ried. Dêrmei stiet Wûnseradiel achter it foarstel fan Nijefurd om per 1 jannewaris 2011 te fusearjen.