Dachau Messe yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De Dachau Messe fan 'e Dútse mûnts Gregor Schwake wurdt op 23 febrewaris foar it earst op Nederlânske boaiem opfierd. De premiêre is yn de Boalserter Martinitsjerke. Schwake komponearde de mis yn 1944 yn it konsintraasjekamp Dachau.
It Titus Brandsma Museum yn Boalsert is anneks mei de organisaasje fan de opfiering. Pater Titus Brandsma fan Oegekleaster by Boalsert stoar yn 1942 yn konsintraasjekamp Dachau.