Omtinken foar dea helpmem

04 feb 2008 - 12:11
  • Murkje de Vries

Kristlike basisskoalle De Merlettes yn Koatstertille jout yn de lessen omtinken oan de deasketten Murkje de Vries út dat plak. De frou (36) wie helpmem op de skoalle, dêr't ek har eigen soantsje op sit.

Murkje de Vries waard yn de nacht fan freed op sneon deasketten. In man fan De Harkema is oppakt as fertochte. Yn de skoalle is in stiltehoekje ynrjochte. Ek yn de kringgesprekken wurdt oer it drama praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)