Famke (15) ynbraakfertochte

28 mrt 2012 - 10:52

De plysje hat tiisdeitemoarn in famke fan 15 jier út Drachten oanhâlden omdat se belutsen wêze soe by wenningynbraken. It giet om ynbraken yn huzen yn Nij Beets, Beetstersweach en Boarnburgum. Dêrby binne klûzen en pinpassen stellen.

Ut petearen mei tsjûgen en minsken dy't oanjefte dienen, waard dúdlik dat it Drachtster famke as fertochte sjoen wurde moat. Mooglik hat se by mear ynbraken belutsen west. It wenningynbrakenteam fan de plysje ûndersiket dat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)