De Friesland giet de grins oer

04 feb 2008 - 11:41

De mobile winkel fan De Friesland Zorgverzekeraar rydt sûnt moandei ek yn de provinsjes Grinslân, Drinte en Noard-Hollân. Fersekerden kinne yn de winkel terjochte foar advys oer fergoedingen of foar it ynleverjen fan in deklaraasje.

De mobile winkel rydt yn Fryslân al in pear jier. Op moandei rydt de mobile winkel ûnder oare troch Emmeloard en Stienwyk en op tiisdei troch Assen en De Lieke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)